Brantgum is klear foar it fiifde iepenloftspul.

Nei “De trochgong fan jierren” – “It relikwy fan`e mieden” – “Swart mar Leaflik” en “Cupido”, komt Brantgum dit jier mei “De Ferskoppeling”, nei it boek fan A.M. de Jong (de martel gang fan kromme Lindert).
It boek spilet him oarspronklik ôf yn it suden fan it lân wêr`t it grutste gros minsken yn 1920 almeast Roomsk wiene.

Om it stik tichter by ús Friezen te bringen ha wy mei de taal, ek de Roomske ynslach fan`e Suderlingen yn ús kalvinistyske gebrûken en gewoanten, feroare. Wy Friezen sitte no ien kear wat minder los yn`t fel as de Súderlingen.
It ferhaal begjint as de bruorren Teade en Lindert werom komme fan`e begraffenis fan harren mem (de heit is al jong stoarn).
Teade, de âldste en fleurige libbensgenieter dy`t alles mei hat en efter alle rokken oanrint. Lindert, de jongstte en ferwoeksene , dy `t troch tadwaan fan syn heit, beheind troch it libben gean moat.
Beide wurde se fereale op harren buorfamke Anneke.
De iene broer boartet mei de leafde, dy wol him net bine. Mar de oare fertoarret fan`e leafde en wachtet en hopet.
Wat bard der as de leafde net beantwurde wurdt!?
Wat bard er as de sinne oan `e kym gloaret en like hurd wer dôvet!?
Wat is libben as`t de waarme hertslach fan de leafde net priuwe meist!?
Dizze tematyk is fan alle ieuwen.

Allinne stadichoan komt de fraach by jin op; wannear binne jo beheind, is dat as jo sichtber as in ferskoppeling troch it libben moat … as kin de beheining ek oan`e binnenkant sitte om`t jo hert ferbittering en haat koesteret.
It liket as is alles kommer en kwel mar sa is it net, ek by de ferskoppeling sil de humor net ûntbrekke want in dei net lake is in dei net libbe!
In geweldige motivearre ploech spilers, dy`t al moannen lang yn it libben fan`e personaazjes krûpe en harren op in ynnimlike manier stâl jouwe, nimme jimme mei yn`e gefoelens en de wrakselingen fan….De Ferskoppeling.

Mar pas op…..dit iepenloftspul giet krekt efkes fierder as de bûtenkant, it sil yn jo krûpe!

Oan`t sjen op 24-26-27 Juni.

Author Jeannetta

More posts by Jeannetta

Leave a Reply