De lêste floed’, in yngripend ferhaal oer de húshâlding fan Tsjerk en Ditsen Vogel. In húshâlding dat dei yn dei út libbet mei eb en floed fan de Lauwerssee. Meardere generaasjes Vogel ha eins oars net dien as út see lân oanwinne.

Mar de foarútgong is troch Tsjerk Vogel net te kearen. Syn 2 soannen, Arjen en Tunnes, wolle mear fan de wrâld sjen en dan wurdt der ek noch troch it regear besletten om de Lauwerssee mei in dyk ôf te slúten.

It is dien mei eb en floed.

Yn foarm sil it iepenloftspul sjen litte hoe as in húshâlding fan fjouwer minsken út elkoar groeit. De fjouwer karakters libje yn it stik op harren eigen eilân.

Geande de foarstelling driuwe die eilannen hieltiten mear út elkoar, útbylde troch dûnsers en musyk.

It spyljen, de dûns, de musyk en de sang nimme de taskôger mei yn it wrakseljen fan de gefoelens fan heit Tsjerk, mem Ditsen en de beide soannen Arjen en Tunnes.

In wrakseljen dat eins fan alle tiiden is, ek hjoed de dei.

De foarstelling fynt plak yn in yntieme rûnte, werby de taskôger ien wurdt mei it ferhaal. Ticht op’e spilers en hielendal yn de sfear fan de see, de seedyk, de klaai en de riisdammen.

Eins meie jo dizze foarstelling net misse.

Next Post