Wisten jo dat

Wisten jo dat

  • oer 3 wike de première ha, op 13 juny

  • wy al ferskate kearen op lokaasje repetearre ha

  • it dekor op it Leechje al foarm krijt

  • wy dit jier in tribune mei kúpstuoltsjes ha ynstee fan mei planken

  • wy sneon o.s. fan 10 – 16 oere bûtendoar repetearre

  • wy sneon o.s. om healwei 2-en hinne te hearren binne op’e radio fan RTVNOF

  • wy dêr mei de hiele spilersploech hinne gean

  • Omrop Fryslân ynkoarten tv-opnamen fan ús iepenloftspul meitsje sil

  • wy no 45 reklamebuorden yn Dantumadiel en âld-Kollumerlân pleatst ha

  • wy fan 1 juny ôf 45 reklamebuorden pleatse sille yn âld-Ferwerderadiel en âld-Dongeradiel

  • wy ôfrûne woansdei te hearren wienen yn ‘Muzyk yn bedriuw’ op Omrop Fryslân

  • der ynkoarten foto’s by ús makke wurde sille foar in brochure fan de nije gemeente Noardeast-Fryslân

  • wy op sneon 8 juni yn it programma ‘Op en út’ op Omrop Fryslân te hearren wêze sille