U bent hier: Home

Welkom op de website van Iepenloftspul Brantgum

Jierren lyn is it plan foar Cupido ûntstien op in workshop by Hans Brans mar is altyd lizzen bleaun en net útwurke.
Doe’t Brantgum my frege foar in nij iepenloftspul, kaam my dit fuort foar eagen. Nei it stik, “swart mar leaflik “soe dit in moaie ôwikseling wêze omdat it hiel wat oars is. Doe’t ik it opnij troch seach, om it te bewurkjen ta in iepenloftspul, is it skrabjen fan teksten begûn en it resultearre der yn dat eins allinne mar it begjin fan cupido oer bleaun is.

Der is der dus in hiele nije CUPIDO ûntstien

Wa kin dat leave, mollige, engeleftige cupidootsje net, dy ‘t mei syn pylkjes it hert fan de minsken yn fjoer en flam sette. Mar wa’t in bytsje fan de Grykse mytology wit kin jo al gau fertelle dat, dat cupidootsje wier net sa leaf wezentsje wie mar in bedoarn memmepopke, dat fan ferfeling soms net wist wat er útfrette moast.
Mar doch….cupido waardt fereale op de prachtige keningsdochter Psyche en woe mei har trouwe mar der woe syn mem Aphrodite neat fan witte,
Psyche wie in gewoan ierdsk minske en behearde net ta de goadewrâld.
Dochs is it bard mar…..it rûn net goed ôf mei dy twa… en dêr begjint ús ferhaal.

Eros (manlik) en Psyche (froulik) rekken út elkoar en it resultearre dat de erositen op lust út wienen en dat Psyche (dy’t foar leafde stiet) alle war die om leafde te fersprieden.
En wa soe dat winne as leafde en lust útfochten wurde moast op ierde?
Kin in ûnsekere cupido, dy ‘t mei in opdracht nei de ierde útstjoerd wurdt  it winne fan  in brutale erosyt?
Kin in echtpear harren kapotte relaasje herstelle? Kinne in heit en mem de leafde opbringe foar harren dochter dy ‘t op it ferkearde paad kommen is? En kin in lang slúmerjende leafde noch ta bloei komme?

Fiksje en realiteit komme hjir by elkoar mar wy minsken fan 2011 witte mar al te goed dat ús leafde net ôfhinget fan in pylkje mar dat leafde in tiidwurd is!
Der kin in soad lake wurde mar ik soe de bûsdoek ek net ferjitte…

Ik winskje jimme in soad plesier mei Cupido.

Baukje van Hijum, skriuwster

Hoofdsponsor in 2011 is Bouwbedrijf Postma in Hantum